UPDATE: Scheepstra lûkt har werom foar Bûnspartij nei boykotdriging

Manon Scheepstra lûkt har werom foar de Bûnspartij yn Easterein fan 22 juny. Scheepstra docht dat nei oanlieding fan in driigjende boykot fan oare frouljuhaadklassekeatsers. Dy fine dat Scheepstra net foar OG Huizum keatse mei.
Manon Scheepstra © Henk Bootsma
Geert van Tuinen oer de kwestje
De KNKB stiet ta dat Scheepstra foar dy feriening keatst, omdat sy ferklearre hat dat sy wennet op in adres dat falt ûnder Huzum. Har freon Daniël Iseger wennet op in adres dat falt ûnder Goutum. Iseger keatste op 28 april yn Weidum ek foar Huzum en is dêrfoar skorst foar trije wedstriden. Iseger is yn berop gien tsjin de útspraak fan de strafkommisje.
Under de frouljuskeatsers is in protte argewaasje ûntstien oer dizze kwestje. De measte froulju fine dat hjir bewust in loopke naam wurdt mei de wierheid en dat nimme sy de ôfdieling Huzum en Scheepstra bot kwea ôf.
Sy hawwe de koppen by elkoar stutsen en seine dat der in boykot plakfine soe fan de Bûnspartij, wannear't it keatsbûn gjin aksje ûndernimme soe tsjin Huzum en Scheepstra. Safier komt it no dus net.