"Der sitte goede dingen yn it pensjoenakkoart, mar ek mindere"

05 jun 2019 - 11:31

It kabinet, wurkjouwers en de fakbûnen hawwe tiisdei in akkoart berikt oer de pensjoenen. Stroffelstien wie de ferheging fan de AOW-leeftiid, mar ek dêr binne de partijen it oer iens wurden. Fakbûn FNV sil it prinsipe-akkoart foarlizze oan syn leden.

It kantoar fan FNV yn Utrecht - Foto: ANP

Minke Jansma fan de FNV oer it prinsipe-akkoart

It kabinet hat tasein dat de AOW-leeftiid minder fluch omheech gean sil. Foar elk jier dat we langer libje, giet de AOW-leeftiid mei acht moannen omheech en net mei ien jier, sa't no noch it gefal is.

Referindum

FNV hat it prinsipe-akkoart tiisdeitejûn foarlein oan de fertsjintwurdigers fan de leden. "Der sitte goede dingen yn it pensjoenakkoart, mar ek mindere", seit bestjoerder Minke Jansma fan FNV. "It akkoart sil yn in referindum foarlein wurde oan ús leden. Dêrnei komt der in definityf beslút oft wy hjir wol of net akkoart mei geane."

Wat Jansma sels fan it akkoart fynt, woe de fakbûnsbestjoerder net sizze, "mar it is better dan wat der lei. Der is altyd diskusje by dit soart akkoarten. Der is njoggen jier oer dien. It is in dossier mei in hiel soad spanning derop. De ien is der bliid mei, de oare net."

Ek de wurkjouwersorganisaasjes MKB Nederland en VNO-NCW hawwe it prinsipe-akkoart foarlein oan harren leden. Wannear't elkenien ynstimt, wurdt it pensjoenakkoart letter op de dei presintearre.

Trefwurden: 
FNV pensjoenakkoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)