Ikeprosesjerûp werom yn Ljouwert

Yn acht jonge iken oan de Julianalaan yn Ljouwert, fan de Van Loonstraat oant it Oostergoplein, sit de ikeprosesjerûp. Troch aktyf te kontrolearjen kin de gemeente yn in betiid stadium aksje ûndernimme tsjin de rûp.
© Omrop Fryslân
Ek yn iken oan de Roazendaal en Gebroeders van der Weijstraat binne rûpe oantroffen.
De oanwêzichheid fan de ikeprosesjerûp is goed te sjen oan de oanfretten blêden fan de beammen. Ek oan de rûpen sels; dy krûpe achter elkoar oan (yn prosessy). De rûpen sille meikoarten yn nêsten by elkoar yn de beammen sitte.
Dan komt in spesjalisearre bedriuw yn aksje om de nêsten op te sûgjen. Oant dit klear is, wurde de beammen mei in lint oanjûn. Op dit stuit is it net nedich om diken en paden ôf setten.
Hierren fan de rûp kinne foar jokte soargje.

Foarich jier foar it earst

Ferline jier wie de ikeprosesjerûp foar it earst yn Ljouwert. Doe wie it op deselde plakken yn de stêd.