Miljoenetekoart foar gemeente Noardeast-Fryslân

05 jun 2019 - 10:39

De gemeente Noardeast-Fryslân ferwachtet dit jier in flink tekoart. De fúzjegemeente, ûntstean út Ferwerderadiel, Kollumerlân en Dongeradiel, hat oer 2018 te meitsjen mei in negatyf resultaat fan 3,7 miljoen euro, sa makke de gemeente woansdei bekend.

Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It tekoart komt neffens de gemeente ûnder oare troch de kosten foar jeugdsoarch dy't omheech gien binne. De totale kosten yn it sosjaal domein binne by de gemeente mei santjin prosint omheech gien.

Noardeast-Fryslân is net de iennige gemeente yn Nederlân dy't mei hegere kosten foar jeugdsoarch te meitsjen hat. Earder makke ek de oanlizzende gemeente Dantumadiel bekend in miljoenetekoart te hawwen.

De gemeente seit oan maatregelen te wurkjen om de kosten werom te bringen.

Trefwurden: 
Noardeast-Fryslân tekoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)