Nije coach foar Aris: "By him hiene wy it bêste gefoel"

05 jun 2019 - 10:33

Ferried Naciri is de nije coach fan Aris. De 30-jierrige Belch wie it ôfrûne seizoen assistint-coach by FOG Næstved út Denemarken en tekene by de Ljouwerter basketbalklup in kontrakt foar ien seizoen.

Foto: www.arisleeuwarden.nl

Foardat Naciri assistint wie by FOG Næstved wie er assistint en letter haadcoach by Leuven Bears yn de Belgyske earste klasse. Mei 27 jier wie Naciri de jongste coach yn de skiednis fan dizze klasse.

Jonge spilers better meitsje

Bestjoerslid Sierd Dijkman is bliid mei de komst fan Naciri. "Ferried is in jonge mei ambysje. It is in jonge keardel dy't sjen litten hat dat hy jonge spilers better meitsje kin. Hy moat hjir, yn gearwurking mei Marlijn van der Meulen (bestjoerslid technyske saken, red.), de seleksje foar takom seizoen gearstalle. Tegearre moatte se bouwe oan in nije organisaasje foar de takomst."

Oer de ambysjes fan Aris is Dijkman dúdlik. "Wy wolle op termyn de oansluting krije mei de top fjouwer fan Nederlân. Foar takom seizoen betsjut dat dat we by de boppeste seis ploegen yn de earedifyzje einigje wolle."

Uteinlik hiene wy it bêste gefoel by Ferried.

Sierd Dijkman, bestjoerslid Aris

Behalve Naciri wie Anne van Dijk, dy't yn april it stokje oernaam fan Tony Van den Bosch, ien fan de kandidaten om de nije haadtrainer fan Aris te wurden. "Anne woe ek wol troch as haadtrainer", seit Dijkman. "Hy hat dy ambysje ek útspruten en wy ha ek yn petear mei him west, mar úteinlik hiene wy it bêste gefoel by Ferried."

Trefwurden: 
Aris basketbal Ferried Naciri
(Advertinsje)
(Advertinsje)