Eaststellingwerf set yn op fergrutsjen fan bioferskaat

05 jun 2019 - 10:28

De gemeente Eaststellingwerf siket gearwurking mei ynwenners en bedriuwen om it bioferskaat binnen de gemeente te fergrutsjen. Neffens Eaststellingwerf is dat fan libbensbelang foar it ekosysteem.

In grut ferskaat oan planten en bisten hâldt de omjouwing leefber. De gemeente docht der sels fan alles oan, lykas it direkt opromjen nei it meanen. Dat soarget foar in saneamde skrale boaiem dêr't meardere plante-soarten op groeie kinne.

"Biodiversiteit is belangrijk, we zitten met planten en dieren in een systeem en de mensen beginnen andere soorten meer te verdringen, maar we hebben elkaar nodig voor de balans en ook voor de voedselvoorziening", leit Pina Dekker, projektlieder út.

It hege gers yn de bermen is net om't de gemeente besparret op it meanen, mar wurdt bewust dien om't der sa meardere soarten gers groeie dêr't ynsekten fan profitearje.

It doel fan it projekt is twaliddich. "We willen meer uitleggen wat de gemeente doet in bijvoorbeeld het openbaar groen, zodat mensen zien waarom we wat doen en dat ook waarderen. Maar we vragen ook of mensen ideeën hebben, die kunnen we delen zodat we meer kunnen samenwerken. Er is ook van alles mogelijk in de eigen wijk."

Pina Dekker, projektlieder

Flinter - Foto: Shutterstock.com

Foarbyld yn de wyk

De bewennerskommisje Oosterwolde-Zuid is ien fan de ynstânsjes dy't meiwurket oan it fergrutsjen fan it bioferskaat yn de gemeente. Sy ha strûken plante, sadat der mear flinters en bijen komme.

"Yn febrewaris hienen we betocht dat we mear bijen en ynsekten yn de wyk ha woenen", fertelt Albert de Jong fan de bewennerskommisje. "We kamen derop út dat we flinterplanten útdiele woenen en dat is yn de kommisje bepraat. Yn maaie ha we de strûken fergees útdield. En no is it wachtsjen op de flinters."

Yn de wyk steane 1.400 wenningen, de kommisje hat 250 planten besteld. "Minsken wienen entûsjast, se stienen yn de rige by it útdielen. Nei in healoere wienen we se kwyt. Bewenners praten allegear mei elkoar en dat is moai, want minsken dy't mei elkoar prate, meitsje gjin rûzje mei elkoar. We ha in moaie gesellige griene wyk."

Hy hopet dat oare bewennerskommisjes ek meidogge mei dit projekt.

Albert de Jong fan de bewennerskommisje

It projekt wurdt woansdeitemiddei offisjeel ôftrape yn it gemeentehûs yn Easterwâlde.

(advertinsje)
(advertinsje)