Kollum: "Barradiel"

05 jun 2019 - 09:56

"It is tink ik goed tsien jier lyn dat der op De Gordyk twa dingen sear diene: de tastân fan it kultureel sintrum De Skâns en der moast in nije middelbere skoalle komme. Doe hat der ea immen roppen: 'Sille we fan beide dingen dan ien moai gehiel meitsje?' It duorre trije, fjouwer jier en doe wie de ried fan Opsterlân ek safier. Mar dan is soks der noch net."

Eelke Lok - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

"Elkenien hat deroer mei âldehoerd. Underwiis hat altyd syn eigen paad en tiden lang wol wat mear oan de holle hân. De Skâns wie fan de mienskip. Dy binne it yn prinsipe altyd ûniens mei buorman. Politisy kinne der ek net oer dat elk itselde tinkt. En hoewol't it ministearje tsjintwurdich én oer ûnderwiis én oer kultuer giet, seine beide soarten amtners en politisy hieltyd wat oars. De ried yn Opsterlân feroare ek noch in pear kear fan gearstalling. En sa waard dat eventuele nije gebou hieltyd djoerder.

Fannewike ha se dan besletten dat it dochs mar nét wêze moat. Der sil no begûn wurde mei it opsetten fan in nije skoalle. It sil sa'n trije jier duorje tink ik, foardat dy der stiet. En De Skâns? Ach, we moatte noch mar ris sjen wat we mei dat goed tsien jier lyn al ôfkarde gebou dogge. Der sit ek noch in sporthal yn. Bliuwt it allegear op it selde plak? Mar dan is der twa jier neat, wannear't der wat nijs komme moat. Of knappe we it in bytsje op? Of sette we it earne oars del? Wêr dan? De ried sil no de befolking freegje wat sy der fan fine, want sels komme se net út dy drege fragen.

Hâld dit efkes fêst. Want we moatte it earst efkes oer Dantumadiel ha. In gemeente dy't amtlik fusearre is mei Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân. Polityk binne se lykwols net fusearre. Dêrfan ha we yndertiid op dit plak faak sein dat soks net wurkje sil. Dat hat no ek bliken dien. Dantumadiel hat in foars tekoart. Se tinke sels dat de provinsje it bewâld oer de polityk ynkoarten wol oernimme sil. Wannear't de provinsje ea los giet fansels. No ja, it betsjut dat it finansjele ferhaal noch lang net klear is.

We tochten noch dat it sa need net gean soe. Yn 2017 wiene der ommers noch meifallers. Mar dy blieken út ferkearde berekkeningen te kommen. Der wie gjin sint romte. Der hat ek gjin kontrôle west op de sinten dy't in gemeente útjaan moat oan jeugdsoarch en Wmo. No kinne je dat in gemeente net oanrekkenje, want ek wannear't der wol kontrôle is, binne dy bedraggen faak net yn te skatten. Mar wannear't fan de 4 miljoen tekoart 1,7 miljoen nei de pensjoenen en wachtjilden foar wethâlders giet, dan skrikke je. Je kinne as gemeente dus ek net mear al te wyld yn je wethâlders omslaan.

Eartiids hiene je bygelyks, ik neam mar in foarbyldsje, de gemeente Barradiel. Noait mear as sântûzen minsken wenne dêr yn it noardwesten. Seisbierrum wie it haadplak. En wannear't je dan yn it gemeentehûs Walburgstate kamen, dat stie foar it oare eins yn Pitersbierrum, dan kaam ik op de keamer fan boargemaster Woudy Veenhof. Twa grutte hûnen leinen te stjonken yn har keamer en seagen my wurch oan.

Woudy Veenhof, de earste froulike boargemaster fan Fryslân, siet dêr fan 1975 oant 1984. Se hat fansels net sa folle dien, want dat wie der net te dwaan yn sa'n lytse mienskip. It wie wol in wylde politika hear, want se is út de ARP stapt foardat dy oergie nei it CDA en is doe VVD'er wurden. Se betroude my ta dat se it boargemasterswurk fan fiif dagen yn de wike ek wol yn ien dei dwaan koe.

Ja, dat koe yn '75, mar dat koe yn '84 lang net mear. Nije tiid. Mar it befoel har sa wol. Se wie lykwols de iennige boargemaster dy't net werbeneamd waard nei de gemeentlike weryndieling, weryn't Barradiel opsplitst waard. Elk krige in stikje. Sneu foar dy hûnen. Dy koenen no net mear oan elkeniens krús snuffelje.

Samar ynienen moast ik by wat der barde yn Dantumadiel en Opsterlân dochs wer efkes tinke oan Woudy Veenhof, har Barradiel en har hûnen."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)