Nij Smellinghe stapt oer op sinne-enerzjy fan eigen panielen

05 jun 2019 - 09:00

Sikehûs Nij Smellinghe stapt oer op sinne-enerzjy. Boppe it parkearplak en op it dak fan it sikehûs yn Drachten binne it ôfrûne healjier yn totaal sa'n njoggentûzen sinnepanielen pleatst. Woansdei wurdt it sinnepark offisjeel iepene.

Neffens it sikehûs jouwe de panielen op dagen mei sinne genôch enerzjy om alle enerzjysloarpjende apparaten lykas de MRI- en CT-scan draaiende te hâlden.

Omdat de sinne lang net altyd skynt, is de besparring op jierbasis sa'n tritich prosint, "maar met zonnepanelen alleen ben je er niet", seit Folkert Brouwers fan Nij Smellinghe. "Door kleine en grote aanpassingen aan en in het gebouw wekken wij in 2030 alle energie voor het ziekenhuis zelf duurzaam op en leveren wij ook duurzame energie aan de omgeving."

Dêrneist falt der foar Nij Smellinghe noch in wrâld te winnen troch besparringen, stelt Brouwers. "Bijvoorbeeld door de aanschaf van energiezuinige apparatuur, ledverlichting en goede isolatie. Daarnaast onderzoeken we hoe in de toekomst van het gas af te kunnen met bijvoorbeeld deelname aan geothermiebron."

It sikehûs wol troch alle maatregelen yn 2030 folslein enerzjyneutraal wêze. Nij Smellinghe is net it earste sikehûs yn Nederlân dat it dak fol lizzen hat mei sinnepanielen. Sûnt ein ferline jier hat it St. Antonius Ziekenhuis mei fêstigingen yn Utrecht en Nieuwegein hast fiiftûzen panielen op it dak pleatst.

Folkert Brouwers fan Nij Smellinge

(advertinsje)
(advertinsje)