Selstraf oerfaller Gouden Engel

© Omrop Fryslân
De haadfertochte fan de trije oerfallen op juwelier de Gouden Engel yn Ljouwert is tongersdei yn heger berop troch it gerjochtshôf feroardield ta 7 jier selstraf. Mei de hege selstraf komt de TBS-regeling te ferfallen. De juwelierssaak waard trije kear achter elkoar oerfallen, yn 2008 en 2009. De man dy't no feroardield is, wie ek belutsen by oerfallen op twa coffeeshops yn Ljouwert.