Provinsje prikt datum foar tredde Fryslândei yn Brussel

05 jun 2019 - 07:42

De provinsje wol de Fryslândei by de Europeeske Uny dit jier hâlde op woansdei 9 oktober. Dat is yn de Europeeske wike fan regio's en stêden. De reade tried yn it programma sil de meartaligens en de wearde fan net-EU-talen wêze.

De Fryske flagge - Foto: ANP

Op de Fryslândei wol de provinsje oan in breed, ynternasjonaal publyk presintearje. It wurdt de tredde kear dat de Fryslândei yn Brussel organisearre wurdt. Op inisjatyf fan Provinsjale Steaten wie de earste edysje yn 2017. Ferline jier wie it tema 'regionale identiteit en meartaligens'.

(advertinsje)
(advertinsje)