Tonger- en reinbuien soargje foar skea yn Fryslân

05 jun 2019 - 07:01

It ûnwaar fan tiisdeitenacht hat benammen yn it easten fan Fryslân ta in soad skeameldingen laat. By de brânwacht kamen meldingen binnen út ûnder oare Oranjewâld, De Pein, Beetstersweach, Nijlemmer, Appelskea, Bakkefean en Steggerda. Yn Ljouwert kaam in tunnel blank te stean.

Op De Biskop yn Bakkefean binne meardere beammen omwaaid. Ien derfan foel troch in rút fan in wenpleats. Nimmen rekke hjirby ferwûne.

Flinke reinbuien soargen derfoar dat yn Ljouwert in tunnel blank kaam te stean. De putten koene al it reinwetter net ferwurkje, wêrtroch't de tunnel tusken de Uranuswei en de Plutowei ûnder wetter kaam te stean.

Tonger op De Lemmer - Foto: CAMJO media / Stefan Postema

It dak fan in pleats oan de Pipergeawei yn Steggerda is troch brân ferlern gien. It is net bekend oft it ûnwaar de oarsaak wie. De brânwacht skaalde op nei middelbrân. Meardere korpsen soargen derfoar dat net de hiele pleats yn flammen opgie.

Brân yn it dak fan in wenpleats yn Steggerda - Foto: René Wiegmink / ProNews

Om útwreiding fan it fjoer te foarkommen, is mei in heechwurker it dak foar in part sloopt. Ien persoan is troch ambulânsepersoniel kontrolearre. By de brân kaam in soad reek frij. De dyk wie dêrom in skoftlang ticht.

Foto: Lourens Looijnga
Trefwurden: 
skea ûnwaar
(advertinsje)
(advertinsje)