Hendrik ten Hoeve nimt ôfskied fan de Earste Keamer

04 jun 2019 - 22:42

Hendrik ten Hoeve fan de Onafhankelijke SenaatsFraksje (OSF) hat tiisdei ôfskied nommen as Earste Keamerlid. De 72-jierrige Ten Hoeve fan It Hearrenfean hat twa perioades yn de Earste Keamer sitten: fan 9 juny 2015 oant no en earder fan 10 juny 2003 oant 7 juny 2011.

Hendrik ten Hoeve - Foto: Omrop Fryslân

De OSF is in gearwurkingsferbân fan provinsjale partijen dêr't ek de FNP by oansletten is. Ten Hoeve wurdt opfolge troch Gerben Gerbrandy fan Gau.

De âld-boargemaster fan de gemeente Achtkarspelen sil takom wike tiisdei beëdige wurde as lid fan de Earste Keamer.

Ek Janny Vlietstra (PvdA) en Max Aardema (PVV) namen ôfskie.

Yn Buro de Vries fan ôfrûne snein wiene Hendrik ten Hoeve en syn opfolger Gerben Gerbrandy beide te gast.

(Advertinsje)
(Advertinsje)