Oerlis deputearre Kramer mei ministers oer stikstof

04 jun 2019 - 22:13

Deputearre Johannes Kramer en syn kollega's út de oare provinsjes hawwe tiisdei mei it kabinet oerlein wat de gefolgen krekt binne fan in útspraak fan de Ried fan Steat. De heechste bestjoersrjochter yn ús lân sette ôfrûne wike in streek troch de Programma Aanpak Stikstof-regeling (PAS).

Foto: FNP

De saneamde PAS-regeling soe te min sekerheid jaan oer hoefolle stikstof oft yn de natuer terjochte komt. De hjoeddeiske fergunningsproseduere foar lânbou en yndustry jout dêrfoar te min sekerheid. Deputearre Klaas Kielstra sei ek al by Omrop Fryslân dat de útspraak fan de Ried fan Steat sels gefolgen hawwe kin foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet yn Ljouwert.

Fergunning

It oerlis wie mei minister Schouten, fan Lânbou en Natuer en mei minister Van Nieuwenhuizen fan Ynfrakstruktuer en Wettersteat. "It is net allinnich in probleem foar de lanbou, mar foar alle aktivititeiten yn Nederlân", seit deputearre Kramer. "Oft it no giet om it bouwen fan huzen of it oanlizzen fan diken, wêrby't stikstof frijkomt dat negatyf útwurkje kin op de natuer. Oer al dy aktiviteiten is in fergunning needsaaklik op basis fan de PAS."

Wy wolle net dat de hiele BV Nederlân op slot komt te stean.

Deputearre Johannes Kramer

"Fryslân is in lânbouprovinsje. Wy hawwe ôfpraat dat wy oergean op in natuerynklusive lanbou. Dit is in technysk ferhaal mei yngewikkelde berekkeningen. De Twadde Keamer, mar ek ús Steaten moatte goed ynformearre wurde wat it probleem is en wat de oplossing wêze kin. Wy wolle de natuer beskermje en oan oare de kant wolle wy ek net dat de hiele BV Nederlân op slot komt te stean", seit Kramer.

"Wy hawwe der neat oan as wy fergunningen ôfjouwe dy't letter weromdraaid wurde moatte. Wy wolle graach fierder yn Nederlân, ekonomysk en ekologysk. Dat moat him wol ferhâlde mei de Europeeske regels", seit deputearre Kramer ta beslút. Hy ferwachtet dat takom wike mear bekend wurdt oer hoe no fierder.

(advertinsje)
(advertinsje)