Oernachtsje yn in sântrechter: "Utsjoch oer it Waad giet sa'n rêst fan út"

04 jun 2019 - 21:32

Yn Harns koest al sliepe yn in fjoertoerhotel, in kraanhotel. Mar sûnt sneon kinst dêr ek sliepe yn in grutte sântrechter. Wy praten mei de frou dy't dêr as earste sliepte.

Foto: Slapen in een Trechter

De Trechter stiet yn de nije Willemshaven. Marcel en Linda Bambach hawwe de âlde trechter ûnder arsjitektuer ombouwe litten ta in hotel-appartement. Ofrûne wykein gie it iepen en Gjalt en Janny Graansma uit Oentsjerk wiene de earste gasten. "Wy wiene fyftich jier troud en de bern hawwe ús dat oanbean", fertelt Janny. "Doe't we oankamen, wisten we net wat se seagen. "Witte jimme dan fan neat?" fregen se ús. "Jim sliepe dêr boppe."

Foto: Hotel Slapen in een trechter

Frou Graansma is lyrysk oer it útsjoch: "Jo sjogge hielendal oer it Waad hinne. It earste dat jo moarns dogge, is de boel iepengoaie. Dan sjogge de boatsjes op it wetter, Der giet sa'n rêst fan út. It moarnbrochje wurdt troch de doar skood. Wy hawwe hearlik moarnsiten mei sicht op it Waad."

De jakûzy hawwe se fanwege tiidkrapte gjin gebrûk fan makke. "It wie moai waar. De middeis hawwe wy op in terraske sitten en de jûns fuort te iten, Wy hiene noch wol in nacht bliuwe kinnen."

Janny hat fannacht yn in trechter sliept. Hoe wie dat?

(Advertinsje)
(Advertinsje)