Stikstof-útspraak Ried fan Steat hat mooglik gefolgen foar WTC-gebiet

De negative útspraak fan de Ried fan Steat oer de Programma Aanpak Stikstof (PAS) hat mooglik ek gefolgen foar de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet yn Ljouwert. Dat seit deputearre Klaas Kielstra. Hokker gefolgen dat binne, moat noch ûndersocht wurde.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Yn de PAS-regeling wurdt toetst oft bepaalde aktiviteiten safolle stikstof útstjitte dat it neidielige gefolgen hat foar de natuer. Yn de PAS wurdt yn 't foar tastimming jûn foar aktiviteiten dy't mooglik skea oan dy natuergebieten feroarsaakje. Sa'n tastimming foarôf mei fan de Ried fan Steat net mear.
De provinsje hat foarearst wol it ûntwerpbestimmingsplan goedkard. Wol hâldt de provinsje yn de gaten oft winkels it WTC-gebiet net ta skea gean fan oare winkelgebieten yn de stêd.
It skrassen fan de PAS-regeling kin fiergeande gefolgen hawwe foar de lânbou, mar ek foar oare grutskalige bou en bygelyks wegebou. Grutsskalige ûntwikkelingen hawwe in bepaalde stikstofútstjit fan gefolgen. Wy witte net hoe't it komt mei it WTC-gebiet, no't de Ried fan Steat de PAS fan tafel fage hat, seit Kielstra.
Foar de útstjit fan stikstof binne op Europeesk nivo regels fêstlein. Nederlân hie dêr in eigen draai oan jûn mei de PAS, sadat de noarmen wat rommer wiene. De Ried fan Steat hat in streek set troch it Programma Aanpak Stikstof.
Klaas Kielstra oer de gefolgen