UPDATE: Fermiste jonge (16) út Zutphen fûn yn Fryslân

De 16-jierrige jonge waard sûnt tiisdeitemoarn fermist. Hy wie om healwei seizen op de fyts fan hûs gien yn Zutphen. De plysje hie in Ambert Alert útgean litten foar de jonge út Zupthen. Syn telefoan wie útpeild yn de omkriten fan Eesveen. Dat leit súdeastlik fan Wolvegea tsjin de grins fan Weststellingwerf oan. De plysje hat net bekend makke wêr yn Fryslân oft de jonge oantroffen is.
© ANP
Der wiene grutte soargen om de sûnens fan de fermiste jonge. It gie net om in ûntfiering, sei de plysje. De jonge is yn goede sûnens weromfûn. Hy waard nei oanlieding fan it Amber Alert troch in tsjûge werkend. De tsjûge ynformearre dêrop de plysje.