Nije natuer yn de Alde Feanen, besteande natuer wurdt opknapt

04 jun 2019 - 18:55

Nasjonaal park de Alde Feanen krijt 135 bunder nije natuer en 450 bunder besteande natuer wurdt opknapt. It giet om in ynvestearring fan 2,7 miljoen euro.

Alde Feanen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It giet yn de Alde Feanen om de healânpolder oan de westkant fan it natuergebiet en de mear iepen gerslannen en feangebieten oan de eastkant. De sânwinplasse Panhuyspoel kriget neist de sânwinning in rekreative funksje mei in strantsje, fisksteger en kuierpaden.

It jild dat yn it gebiet stutsen wurdt komt fan de provinsje, de gemeenten dêr't it gebiet yn leit en It Fryske Gea. It wurk wurdt de kommende jierren útfierd.

Trefwurden: 
natuer Alde Feanen
(Advertinsje)
(Advertinsje)