Anneke van der Zwaag hie oardel jier lyn noch kanker, mar swimt de Alvestêdetocht

04 jun 2019 - 18:15

Oardel jier lyn hie se noch kanker yn har hiele lichem, mar no hat se alwer in topkondysje. Anneke van der Zwaag út Ljouwert is ien fan de 111 swimmers dy't op 21, 22 en 23 juny neist Maarten van der Weijden troch alle alve stêden swimt. Sy wit as gjin oar hoe wichtich oft ûndersyk nei kanker is. It medisyn dat har wer better makke hat, wie har lêste hoop en noch mar krekt ûntwikkele.

Har ferhaal begûn yn novimber 2016 doe't se foar in fertocht plakje nei de dokter gong. "De húsdokter ferwachte der neat fan, dus ik ek net. Doe't it wol kwea-aardige kanker blykte te wêzen, wie der by my ek hielendal gjin besef fan wat dit betsjutte."

Ik hie noch in pear moanne, fertelden se my. Se seinen dat ik neitinke moast oer hoe't ik myn ôfskie regelje woe.

Anneke van der Zwaag

Van der Zwaag waard in moanne letter operearre en tocht dat it dêrmei klear wie. Mar yn it jier dat folge kaam de kanker twa kear werom. "Ik koe de iene foet net mear foar de oare sette. Doe wist ik dat it net goed wie." Yn it sikehûs die bliken dat de kanker noch mear útsiedde wie, no ek nei de harsens. "Ik hie noch in pear moanne, fertelden se my. Se seinen dat ik neitinke moast oer hoe't ik myn ôfskie regelje woe," fertelt Anneke.

De lêste hoop

Der wie noch wol ien nije terapy beskikber: ymmunoterapy. It eksperimint mei dizze terapy wie krekt ôfrûn. By dizze behanneling wurdt it ymmúnsysteem fan de pasjint brûkt om de kankersellen oan te fallen. "Mar it wie bekend dat de terapy mar by de helte fan de pasjinten oanslacht en by de measten wêrby't it wol oanslacht, is it noch mar de fraach oft it op de langere termyn wurkje soe." Nettsjinsteande alle ferwachtingen is Anneke yn it foarjier fan 2018 skjin fan kanker.

Foto: Omrop Fryslân

Anneke is hiel tankber foar it medisyn dat se krigen hat en ek it ûndersyk wat hjir nei dien is. "As ik fiif jier earder dizze sykte krigen hie, dan hie ik it net oerlibbe," fertelt se. "Ik hie noch mar ien hoop wat my rêde koe en dat wie dit. Dit wie it iennige wat my noch rêde koe. Der binne folle mear minsken dy't mei dizze gedachte libje. De hoop dat de wittenskip dy ynhellet."

Dit is foar Anneke de grutste motivaasje om mei de Alvestêdetocht mei te dwaan. Se traint sa'n trije kear yn de wike en hat yntusken hast 1.600 euro ophelle.

Foto: Omrop Fryslân

Minsken dy't Anneke of de oare meiswimmers stypje wolle, kinne hjir jild donearje. En hasto sels ek in aksje foar Maarten dan wolle wy dat graach witte! Trochjaan kin op omropfryslan.nl/maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)