Hurdfarproef op Burgumer Mar tusken 15 juny en 15 septimber

04 jun 2019 - 18:11

Leafhawwers fan hurdfarren kinne harren de kommende simmer útlibje op de Burgumer Mar. Tusken 15 juny en 15 septimber is dêr in proef, om te sjen hokker effekten hurdfarren hat op de omjouwing. Der mei hurdfearn wurde yn in fêststeld gebiet.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Hurdfarren mei allinnich tusken 9.00 oere en 18.00 oere. Op dit stuit meie boaten maksimaal 9 kilometer yn de oere. Yn in spesjale sône meie se hurder as 20 kilometer yn de oere.

De proef duorret twa jier. Yn dy tiid wurde op ferskillende plakken op mar tests dien mei hurdfarren. Fan't simmer leit de hurdfarsône yn it súdwestlike diel fan de mar, takom jier súdeastlik. Dêr is foar keazen om goed besjen te kinnen wat de effekten binne op de natuer en de omkriten fan de mar. Ek it lûd, de wetterkwaliteit en de feiligens wurde yn de gaten hâlden.

De gemeente Tytsjerksteradiel hâldt foar en nei de proef enkêtes ûnder minsken dy't yn de omkriten fan de mar wenje, ûnder wettersporters en oare oanbelangjenden, om te sjen wat harren ûnderfiningen binne.

De provinsje kontrolearret geregeld yn de proefjierren. Wa't him net oan de regels hâldt, kriget in boete. Nei de simmer fan takom jier wurdt de proef evaluearre en beslút de provinsje oft it hurdfarren dêrnei offisjeel tastien wurdt of net.

Deputearre Klaas Kielstra oer it eksperimint

(Advertinsje)
(Advertinsje)