Gordyksters fiere 'oerwinning': De Skâns bliuwt yn it sintrum

De Gordyksters binne bliid en der hearsket in gefoel fan oerwinning, neidat bekend waard dat kultureel sintrum De Skâns yn it sintrum bliuwt.
Reaksjes De Skâns Gordyk
De ried fan Opsterlân naam moandeitejûn unanym it beslút dat it plan foar de nije multyfunksjonele akkommodaasje fan 'e baan is. Nijbou foar skoalle De Treffer kin net wachtsje, mar de ûnwissens oer De Skâns is te grut. Dêrom jout de ried allinnich grien ljocht foar de nijbou fan de skoalle. Foarstanners fan behâld fan de Skâns yn it sintrum ha dêr jierren lang aksje foar fierd. "It resultaat is super", seit aksjefierder Henk Hoen. "Hjir ha we jierren lang foar pleite."

Wurknimmers minder entûsjast

Wurknimmers fan De Skâns binne minder entûsjast. It is net dúdlik wat harren posysje no is. "It is no ôfwachtsjen watfoar plannen der makke wurde", seit direkteur Atty Ekema fan De Skâns. "De dúdlikheid leit net om 'e hoeke. Ik krij fragen oer hoe't it sit mei de kontrakten." Wol liket it fuortbestean fan De Skâns yn elts gefal feilich.
De Skâns © Omrop Fryslân
Der sil noch in soad oan it gebou dien wurde moatte kwa ûnderhâld en it wat moderner en ljochter meitsjen fan de romten. De ried fan Opsterlân wol dat de mienskip fan it doarp De Gordyk sels mei kreative plannen komt oer hoe't it fierder moat. Soks soe stâl krije moatte yn in saneamde riedskonferinsje.