Keatse yn Central Park New York: "Eins hawwe wy allegearre wûn"

04 jun 2019 - 16:42

In freoneploech út Wergea makket in âlde dream wier: keatse yn Central Park yn New York. Lang om let wie it dizze dei safier. Hoe is it gien?

Jierren lyn kamen se op it idee om te keatsen yn Central Park, doe't se op stap wiene en der ien sei: 'It liket my moai om moarns mei de Concorde nei New York te gean, dan keatse yn Central Park, mei de Concorde (in supersonysk fleantúch) werom, en dan sneontejûn gewoan wer nei de kroech". Dat is yntusken 30 jier lyn. Alle moannen die elkenien fan de groep in tientsje yn de pot en no wie it dan einliks safier nei tritich jier sparjen.

"We koene net te plak op it fjildsje dat wy op it each hiene", fertelt Egon Sinnema dy't wy yn New York oan de telefoan hawwe. "Dêr wie in honkbalwedstriid oan de gong mei skiedsrjochter. Doe moasten wy oars omsjen. In pear kilometer fierderop seagen wy in fjild sa grut as wol seis fuotbalfjilden. It wie noch net iepen. Wy moasten wachtsje oant wy derop koene. Mar doe't wy der dan dochs op koene, hawwe wy gau de linten pakt en de perken útlein. En doe binne wy begûn."

Eins hawwe wy alle fjouwer wûn.

Egon Sinnema

"It wie prachtich om dêr te stean. It wie echt moai. Wy hawwe in partijtsje spile. Twa hawwe wûn en twa ferlern. Mar eins hawwe wy alle fjouwer wûn."

Oft de Amerikanen ek reagearren op de keatserij? "De foarbygongers seagen wol hiel efkes nei ús. Dat wy mei de hân slaan, fûnen se bysûnder. Mar al gau rûnen se ek wer fierder, want se sjogge hjir in hiel soad nuvere dingen."

Foto: Eigen foto

Nei ôfrin hawwe de manlju der by de kantine fan it honkbalfjild ien op naam. Tiisdeitejûn gean se nei in honkbalwedstriid en woansdei werom nei hûs. Sinnema is bliid dat se it dien hawwe: "Yn dy tritich jier haw ik wolris tocht dat it der nea fan komme soe. Mar op in stuit hawwe wy dochs trochset."

Harkje nei Egon Sinnema

Trefwurden: 
New York Wergea Keatse
(advertinsje)
(advertinsje)