Grutte skea troch ynbraak yn Appelskea, ynbrekkers op bewakingsbylden te sjen

04 jun 2019 - 16:34

De plysje is op syk nei de dieders fan in ynbraak yn in bedriuw oan de Noorder Es yn Appelskea, yn de nacht fan freed op sneon. Op bylden fan in bewakingskamera is te sjen dat trije maskere manlju om it bedriuwsgebou hinne rûnen. Binnendoar hawwe se meardere spylautomaten iepenbrutsen en se binne útnaaid mei in soad jild.

Foto: Eigen foto

De skea oan de apparatuer en it gebou is grut. De plysje hat de bylden fan de fertochten op ynternet set en freget minsken dy't mear witte oft se harren melde wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)