Nederlân mei Marrit Jasper as oanfierder ûnderút tsjin Italië

De Nederlânske follybalfroulju binne der net yn slagge om yn de Nations League Italië te ferslaan. Marrit Jasper wie oanfierder en Hester Jasper mocht yn de earste en lêste set ynfalle. De beide suskes koene net foarkomme dat Nederlân yn Hong Kong mei 3-1 ferlear.
Fryske follybalsuskes Jasper beide by oranje © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De earste set gie kânsleas ferlern mei 25-13, mar yn de twadde set lieten de Nederlânske froulju in oar gesicht sjen. Marrit Jasper makke it earste setpunt ôf, wêrtroch't dy mei 25-22 nei Nederlân gie.
De tredde en fjirde set giene mei 25-19 en 25-16 nei Italië, mei as gefolch dat de wedstriid mei 3-1 ferlern gie.
It wie de earste wedstriid fan de tredde wike fan de Nations League. Dy duorret yn totaal fiif wiken. Dizze wike wurdt der spile yn Hong Kong en woansdei en tongersdei treft Nederlân Sina en Japan.