Nije kleanútlien yn Balk noch grutter as foargonger op De Jouwer

Balk hat der in nije, grutte kleanútlien by. It bedriuw hat alle artikels oernommen fan de útlien op De Jouwer, dy't der nei 30 jier mei ophold. Dêrmei is in winsk útkommen fan in soad minsken, dy't harren plak kwyt wiene dêr't se goedkeap toanielklean of in outfit foar in feestje weihelje koene.
Kleanutlien Balk
By it werombringen fan toanielguod yn De Jouwer kaam in groep Balksters derachter dat it de lêste kear wie dat se dêr terjochte koene foar harren outfits. Dat fûnen se net kinnen, dus waard der sjoen oft se sels de útlien trochsette koene. Dit kear wol yn Balk, want alle frijwilligers komme út de omjouwing fan it doarp.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Mei 125 kante meter en mear as 6.000 artikels is de útlien in stik grutter as de foargonger op De Jouwer. Dat komt om't der ek in soad guod oernaam is fan de ferstoarne Johan Huisman, in ferneamde Balkster dy't foar bygelyks de Balkster Gondelfeart outfits hie.
Op it stuit steane der sels noch doazen mei guod by guon frijwilligers thús, om't der net genôch romte is. Dat moat yn desimber feroarje, as ek de boppeferdjipping fan it gebou beskikber komt.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
De kleanútlien yn Balk sil alle tiisdeis iepen fan 14.00 oant 20.00 oere en alle tongersdeis fan 14.00 oant 17.00 oere.
Ferslachjouwer Jeroen Boersma ferklaaid as paus © Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Ferslachjouwer Jeroen Boersma is by de nije kleanútlien yn Balk (1)
Ferslachjouwer Jeroen Boersma is by de nije kleanútlien yn Balk (2)