Ferbining yn Prokkelwike: "Wy binne ek gewoan minsken"

04 jun 2019 - 15:12

Skilderje, iten meitsje, in speurtocht. It binne aktiviteiten yn de saneamde Prokkelwike. Minsken mei en sûnder in ferstanlike beheining komme yn dizze wike op De Jouwer byinoar foar in 'prikeljende' moeting.

"It doel fan de Prokkelwike is minsken mei-inoar te ferbinen", fertelt Rebekka de Jager-Houwer fan Talant. It is de tredde kear dat Talant de Prokkelwike regelet. Dit jier dogge se it tegearre mei de sportoplieding CIOS fan it Friesland College. Sa wurkje ferskate organisaasjes oan ferbining. De learlingen fan it CIOS organisearje de aktiviteiten foar harren eksamens. Janice Koopman fan it CIOS is ien fan de organisatoaren. Se belibbet in soad wille oan de opdracht. "Iedereen is zo dankbaar. Iedereen is zo enthousiast. Het is echt supermooi."

Foto: Pim Goeman

Marieke Vermaning is ien fan de dielnimmers fan de Prokkelwike. Se fynt de aktiviteiten prachtich. "Ik fyn it hiel leuk. Faak wurdt sein dat minsken mei in beheining frjemd binne. Mar no sjochst dat minsken mei en sûnder beheining byinoar brocht wurde. Sa kinne wy sjen litte dat wy ek gewoan ridlik normaal binne", seit Vermaning.

'Prokkeljen' kin op ferskate gebieten: op it wurk, yn 'e frije tiid, yn 'e wyk, mar ek op skoalle. De Prokkelwike is in inisjatyf fan it CIOS en fan Talant.

Janice Koopman fan it CIOS oer de Prokkelwike

(Advertinsje)
(Advertinsje)