HEA! De Gasconne-kij meie nei harren simmeradres

04 jun 2019 - 14:37

Hy fynt it in machtich putsje. Feebehearder Gerben Bootsma fan It Fryske Gea bringt in keppel Gasconne-kij nei simmerpolder De Wyldlannen yn de Alde Feanen. En dat moat mei de boat. It fleisfee beweidet de polder sadat der in moai ferskaat oan begroeiïng ûntstiet. Foar novimber moatte de kij wer fuort, want dan komt der wetter oer. En dan fart Bootsma syn bistjes wer werom.

(advertinsje)
(advertinsje)