Fryske famylje Mulder mei foarearst yn Amearika bliuwe

04 jun 2019 - 14:23

De emigrantefamylje Mulder mei foarearst yn Minnesota bliuwe. De âld-Akkrumers wenje al 18 jier yn de Feriene Steaten, mar kamen yn de problemen omdat âldste soan Garion (21) fanwege syn leeftiid it lân út moast. Hy krige earder gjin fisum, mar kin no wol mei in studintefisum de kommende twa jier werom nei Amearika, sa befêstiget Garion.

Garion Mulder - Foto: Omrop Fryslân

Foar heit Kor en syn twadde soan Kelsey, dy't yn july 21 wurdt, drige ek útsetting. Sy komme no beiden yn oanmerking foar in fisum fan fiif jier. De fisa moatte noch wol oanfrege en ferliend wurde.

De Mulders wiene fan doel har pleats yn Amearika te ferkeapjen fanwege de fisumproblemen, mar dy ferkeap liket no foarearst fan 'e baan.

Foto: Kor Mulder
(Advertinsje)
(Advertinsje)