Plysje-agint springt op 'liende' fyts om taskedief oan te hâlden

04 jun 2019 - 13:37

De plysje hat moandeitemiddei in 39-jierrige man oanhâlde kind yn Ljouwert. De man hie earder op de dei in tas út de fytskoer fan in 14-jierrich famke stellen. Koart dêrnei makke er gebrûk fan har bankpas.

Foto: De Vries Media

De eigener fan de winkel dêr't de fertochte de bankpas brûkte, ferliende fuort syn meiwurking, wêrtroch't der in sinjalemint fan de man wie.

Letter dy middei giene de aginten nei it sintrum fan Ljouwert, dêr't se de fertochte fytsen seagen. Doe't hy oansprutsen waard, pykte er út. In agint draafde fuortendaliks achter de man oan, mar koe him net byhâlde. Dêrom moast er ymprovisearje en besleat er de fyts fan in omstanner te lienen.

Nei in achterfolging waard de fertochte klemriden, wêrby't er tsjin in plysje-auto botste dy't foar syn fyts stilsetten waard. By de achterfolging rekke gjinien ferwûne. By syn oanhâlding bliek de man stellen guod by him te hawwen. Hy is foar fierder ûndersyk oanhâlden.

Grutte wurdearring

Op Facebook skriuwt de plysje it folgjende: "Wij hebben grote waardering voor de geweldige medewerking van winkel waar de pas was gebruikt, de eigenaresse van de fiets en nog meer omstanders die probeerden de verdachte tegen te houden!"

Trefwurden: 
plysje Ljouwert taskedief
(Advertinsje)
(Advertinsje)