8 lêste tips foar in goede tarieding op de Fytsalvestêdetocht

De ien sjocht der bot tsjinoan en de oar fytst de tocht as in wiere profhurdfytser út. Op moandei 10 juny fytse wer 15.000 minsken de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân docht dêr de hiele dei live ferslach fan, mar hat no alfêst wat tips foar al dy 15.000 dielnimmers. Want hoe kinst dy no last minute noch wat tariede? Mei dizze tips komst de tocht wis goed troch.
Fytsalvestêdetocht © Omrop Fryslân

Tip 1: ite, ite, ite en nochris ite

Do fljochst, hast it tempo deryn en fielst dy krekt Pieter Weening. Mar dan ynienen is it klear, alle enerzjy dy'tst yn dy hiest, is fuort. It is de hongerklop dy't om de hoek komt te sjen. Dy hongerklop is mar op ien manier foar te kommen: ite, ite, ite en nochris ite. Fuort yn de earste stêd moat der in broadsje nei binnen wurke wurde. En ja, dat is net noflik om 5.30 oere. En dan yn Frjentsjer wer, om 6.00 oere. Mar it moat, oars krijst tusken Frjentsjer en Holwert dy beruchte hongerklop.
Dan noch even dit. Sa't se altyd sizze mei hjit waar, en dat jildt ek foar de Alvestêdetocht: bliuw trochdrinken. Dan hawwe wy it wol oer wetter of oare alkoholfrije dranken, foar de dúdlikheid.

Tip 2: ken de fytstermen en gebearen

FYTSER FOAR!! ACHTER!! Wolst net ûnderstboppe fytst wurde, dan is it handich de fytstermen in bytsje te kennen. 'Fytser foar' betsjut dat der in tsjinlizzer is, 'achter' betsjut dat fytsers dy ynhelje wolle. En docht ien de hân omheech? Let op, der is wat oan 'e hân, bygelyks in falpartij.

Tip 3: soargje foar fans

It leafst wolst fansels dat dyn freonen en famylje dy de hiele reis troch supporte. Mar wêr't it pas écht belangryk wurdt, is it plak dêr't de man mei de hammer ek sa'n bytsje stiet. It lêste part dus. De seedyk by Starum, de dyk nei Hylpen en tusken Warkum en Boalsert. Jou fantefoaren ynstruksjes datst op dat part fan de rûte fans nedich hast. Want leau ús mar, dat is needsaaklik.

Tip 4: hâld dyn hannen by de remmen

Foaral ast yn in fytsgroep sitst, hannen by de remmen. Der kin samar wat barre!

Tip 5: sykje in groepke út mei dyn tempo

Doch dy net better foar ast bist. Bist gjin wiere hurdtraper, sykje dan in groepke op mei wat âldere fytsers, of fytsers op in 'gewoane fyts'. Dy groepkes ride meastentiids wat stadiger, o ja en se binne faak ek noch geselliger.

Tip 6: fyts njonken ûnbekenden

Dyn eigen freonen kenst al wol, dy hawwe net safolle nijs mear te fertellen. Gelokkich dogge der noch 14.998 oare fytsers mei dy't dat miskien wol hawwe. Hoe leuker it petear, hoe flugger it folgjende stimpel wer binnen is. Bykommend foardiel: as it petear net leuk is, gewoan dy hiel subtyl ôfsakje litte.

Tip 7: soargje foar in kreaze fyts

Okee dit is wat in iepen doar, mar soargje dat dyn fyts tiptop yn oarder is. Smar dyn ketting, soargje dat de bannen oppompt binne en hâld der ek rekken mei dat der ûnderweis wat misgean kin. Dus nim in banneplakset en fytspomp mei. Fytsferljochting is ek net ûnbelangryk. De banneplakset is dizze wike trouwens te winnen by Omrop Frylân op 'e radio.

Tip 8: besykje te genietsjen

Noch even in iepen doar as lêste tip. De Fytsalvestêdetocht is ien fan de grutste eveneminten fan Fryslân. Der dogge bulten mei minsken mei en ûnderweis is it áltyd gesellich. Dus genietsje derfan en meitsje dy net te drok om dy lange reis. Nei ôfrin meist hartstikkene grutsk op dysels wêze. Wy binne dat no al op jim, dus set 'm op!
De Fytsalvestêdetocht is Pinkstermoandei fan 08.00 oere ôf de hiele dei live te folgjen by Omrop Fryslân op radio en telefyzje. Jûns om 18.20 oere is der in spesjale útstjoering op telefyzje te sjen mei dêryn de hichtepunten fan de dei.