Unrêst oer weryndieling loftrom: mear leechfleaners?

04 jun 2019 - 12:27

It loftrom boppe Nederlân wurdt weryndield. It ministearje fan Ferkear en Wettersteat hat dat koartlyn bekend makke. De weryndieling is needsaaklik, omdat it hieltyd drokker wurdt yn de loft en ek fanwege de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd.

It betsjut ûnder oare dat oanfleanrûtes ferlein wurde, mar ek dat it konsekwinsjes hat foar oefengebieten fan Definsje boppe it noarden fan Nederlân. Sa wurdt sjoen nei gearwurking mei Dútslân.

Yn Fryslân binne grutte soargen oer dy oanpassing. Wat betsjut dit bygelyks foar oerlêst? Wurdt der mear leechflein boppe Fryslân? Fragen dêr't de belutsen ministearjes net fuort in antwurd op ha.

Yn boppesteand filmke besykje wy in byld te jaan fan hoe't it loftrom der no by leit en wêr't mooglike oefengebieten komme kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)