Minder bestridingsmiddels yn it wetter troch drûchte

04 jun 2019 - 12:08

De drûchte ferline jier hat der mei foar soarge dat der behoarlik minder bestridingsmiddels yn it oerflaktewetter fûn binne. Dat seit Wetterskip Fryslân. Minder bestridingsmiddels is goed nijs foar de natuer, want dy hat fan it gif te lijen.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Mattie de Vries fan Wetterskip Fryslân

Fan 2013 ôf wurdt der middels acht mjitpunten byhâlden hokker en hoefolle bestridingsmiddels der yn it wetter sitte yn Noardwest-Fryslân. Dat is in gebiet dêr't foaral bouboeren sitte. Ferline jier waard der ynienen folle minder oantroffen. "It binne minder hege piken", leit Mattie de Vries fan Wetterskip Fryslân út.

En dat komt nei alle gedachten benammen troch it drûge waar. Dêrtroch binne der minder middels fan it lân de sleatten yn spield. Dat is goed foar de natuer. "Dat is foar de ekology fan it wetter goed. As der oer sa'n noarm hinne gien wurdt, gean guon bistjes of planten dea. Yn in folsleine fiedselstring is dat in min teken."

(advertinsje)
(advertinsje)