Skoalreiskebus fan Paulusma Reizen oanriden op de A28

De bus mei skoalbern dy't tiisdeitemoarn oanriden waard op de A28 by Putten is fan Paulusma Reizen út Drachten. De bus wie neffens RTV Noord fanwege in skoalreiske ûnderweis mei bern fan in skoalle út Veendam.
Skoalreiskebus fan Paulusma Reizen oanriden op de A28
It giet om learlingen fan in vmbo-skoalle dy't nei Amsterdam soene. Troch ûnbekende oarsaak botste der in frachtwein achterop de bus. Yn de bus rekke in begeliedster ferwûne, ek de frachtweinsjauffeur rûn ferwûnings op.
Neffens RTV Noord komt der in ferfangende bus om de skoalbern werom nei Veendam te bringen.