Keatsteam Puur Passie op 'e syk nei jonge, talintfolle keatsers

04 jun 2019 - 11:05

It keatsteam Puur Passie wol yn 2020 ek jonge keatsers oan him bine. Foar Puur Passie keatse op dit stuit de suksesfolle formaasjes fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra by de manlju; en Ilse Tuinenga, Janet Wijnia en Manon Scheepstra by de froulju.

Foto: Henk Bootsma

Fan takom jier ôf wol Puur Passie ek seis jonges- en seis famkeskeatsers oan him ferbine. It giet dan om talintfolle keatsers yn de leeftiidskategory fan 14 oant en mei 16 jier. Puur Passie sil dizze jonge keatsers sels selektearje.

Trefwurden: 
keatsen Puur Passie
(Advertinsje)
(Advertinsje)