Bioboeren tsjinje fersyk om ûntheffing fosfaatrjochtestelsel yn by minister Schouten

04 jun 2019 - 11:03

Stichting SOS-Bioboeren hat tiisdeitemoarn mei in tal yndividuele melkfeehâlders in fersyk yntsjinne by minister Carola Schouten om harren ûntheffing te ferlienen fan it fosfaatrjochtestelsel. Foar tsientallen biologyske melkfeehâlders betsjut de fosfaatwet de ein fan har bedriuw.

Ko yn de greide - Foto: Shutterstock.com

De biologyske sektor, dy't neffens eigen sizzen by útstek neffens de prinsipes fan de kringlooplânbou wurket, fynt it net terjochte dat sy folop meibetelje moat oan it dong- en fosfaatoerskot, wylst bioboeren dêr gjin skuld oan hawwe.

Foarsitter fan SOS-Bioboeren Nynke Oostra út Jellum seit yn in reaksje dat se tongersdei harren takomst yn de hannen fan de minister lizze. Neffens har ha de bioboeren de ôfrûne moannen in soad stipe krigen, ek út Brussel. Se hopet dan ek dat minister Schouten it fersyk om ûntheffing honorearje sil. Bart dat net, dan wurdt der in rjochtsaak begûn. Dêrfoar waard yn desimber ferline jier in crowdfundingsaksje opset.

It fosfaatrjochtestelsel waard yn 2018 ynfierd, omdat de melkfeehâlderij tefolle fosfaat produsearre nei it loslitten fan it molkkwotum. Tefolle fosfaat is skealik foar de natuer. Greenpeace stipet de saak fan SOS-Bioboeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)