Langere treinen rjochting it Noarden fanwege simmerdrokte

04 jun 2019 - 10:36

De NS set fan juny ôf langere Intercity's yn rjochting it Noarden. Dat antwurdet steatssiktaris Van Veldhoven fan Ynfrastruktuer en Wettersteat op fragen fan PvdA-Twadde Keamerlid Gijs van Dijk. De langere treinen binne nedich, omdat der yn de simmer in soad minsken mei de trein rjochting de Waadeilannen reizgje. Dêrtroch binne faak alle sitplakken beset.

It stasjon fan Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dêrneist sil de NS de sitplakken yn de noardlike treinen opnimme yn de 'sitplaksiker'. Mei dy app kinne reizgers sjen wêr yn de trein der noch in leech sitplak is.

Foar de koarte termyn wurket ProRail mei it projekt 'Sporendriehoek Noord-Nederland' al oan it ferbetterjen fan de reistiden fan doar ta doar.

Ek ûndersiket NS de mooglikheden om flugger fan de Rânestêd nei it Noarden reizgje te kinnen. Sa binne der inkelde proeven útfierd mei rappere Intercity's tusken dy twa gebieten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)