Johnny Jansen: "We moeten echt aan de bak met elkaar"

04 jun 2019 - 09:49

SC Hearrenfean hat Johnny Jansen oansteld as nije haadtrainer. De 44-jierrige Noardwâldster tekenet in kontrakt foar ien seizoen yn it Abe Lenstrastadion mei de yntinsje foar in langere gearwurking. Jansen is al sûnt 2000 yn ferskate trainersfunksjes ferbûn oan de Fryske earedifyzjeklup.

Foto: www.orange-pictures.nl

Johnny Jansen ferfangt âld-trainer Jan Olde Riekerink. It wie gjin geheim dat dit Jansen syn ambysje wie. "Ik ben er blij mee. Ik was al een tijdje in gesprek met de club en ben blij dat het nu rond is."

Der is noch in soad ûnwis. Oer de ambysjes foar it nije seizoen, in jier wêryn't de klup ek noch it 100-jierrich bestean fiert, kin Jansen ek noch net sa'n soad sizze. "Daar zijn we nog steeds met elkaar over in gesprek. Het is ook een beetje afhankelijk van hoe de selectie eruit gaat zien. Het is pas op 31 augustus dat je heel duidelijk weet hoe de groep eruitziet, hoe de concurrentieselectie eruitziet."

Unrêst

De sfear om de Feanster fuotbalklup hinne hat de ôfrûne tiid net al te bêst west. In soad minsken twifelje oft se noch wol nei it stadion komme wolle. "Tuurlijk leeft het ook onder de spelers wat er aan de hand is, maar de focus ligt wel echt op het voetballen. Ik moet zeggen dat dat het afgelopen jaar best goed is gegaan."

It fuotbaljen sels seach der by Hearrenfean net altyd like moai út. Ien fan Jansen syn ambysjes is om it publyk wer te fermeitsjen. "We gaan er alles om doen om dat weer voor elkaar te krijgen. Er moet iets herkenbaars op het veld staan en het moet stabieler worden. We moeten echt aan de bak met elkaar."

Trainersstêf

De ynfolling fan de rest fan de trainersstêf is noch net bekend. De namme fan âld-Hearrenfeanspiler Jeffrey Talan is fallen as mooglike assistint-trainer. "Dat zou kunnen. De club is nog in gesprek met mensen. We gaan zien wat eruit gaat komen", beslút Jansen.

(advertinsje)
(advertinsje)