Kollum: "Us heit"

"It libben is sa wif as de wyn. It iene momint genietet hja noch nei fan in prachtich wykein mei allegear toffe minsken, it oare momint kriget men in berjocht dat jins heit fallen is. Op himsels hoecht dat net dramatysk te wêzen. Oars wurdt dat as it om in man fan 100 jier giet. Dan is in stikkene heup en in stikken skouder in ramp. De ûntjouwingen folgje inoar nei sa'n melding fluch op.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
As bern waarden wy fersocht om mei haast nei it sikehûs te kommen. It behanneljend tiim woe in petear mei ús ha. Taret, mar ek wer net, stapten wy troch de gongen fan in sikehûs dat wat fan in treinstasjon hie, mei syn jachterich kommen en gean fan minsken. Allegearre reizgers. Guon mei in dúdlike bestimming, oaren mei tassen fol ûnwissichheid. Nei't wy in skoftke by ús heit sitten hiene, kaam de behanneljend dokter en har tiim opdaagjen. Se sketste ús de sitewaasje út medysk eachpunt wei, en frege dêrnei wat foar ús it wichtichst wie.
Foar my wie dat simpel. Yn 't foarste plak de miening fan ús heit: syn wil moast wet wêze. Yn 't twadde plak dat er gjin pine ha soe. Heit joech oan dat er net operearre wurde woe, gjin roppen en skuorren mear oan syn liif. Dat wie dúdlik genôch. Om't dat ek de miening fan de dokter wie, fanwegen de fysike ûnmooglikheden en de te ferwachtsjen komplikaasjes, wie dêr gjin misferstân oer. Dus bleau it twadde punt: it net hawwen fan pine. Dêr hoegden wy net oer yn te sitten, sa waard ús tasein. Us begrutsjen en fertriet wiene der net minder om op de weromreis fan it sikehûs, likegoed wiene wy rêstiger yn de wittenskip dat er net lije soe. Ofspraken wiene makke, de sitewaasje wie helder.
Mar dat bliek rillegau in yllúzje. Want fan it momint ôf dat wy de doarren fan it sikehûs útstapten, begûn dêr in striid tusken Cure en Care. Mei Cure wurdt it better meitsjen fan minsken bedoeld. Cure-ynstellingen binne sikehûzen. Care is fersoarging, ien dy't rjochte is op it safolle mooglik beheinen fan de neidielen fan sykte, ûngemakken en hendikeps. Cure-ynstellingen binne hiel ferskillend, fan hendikeptesoarch en thússoarch oant âldereinsoarch. Nettsjinsteande de dúdlike skieding tusken Cure en Care, is dy definysje yn 'e praktyk net altyd sa swart-wyt.
Dêr waard ús heit, en wy letter ek, mei konfrontearre. De ôfspraak dat er gjin pine ha soe, waard skeind. Omdat se him te helder fûnen, hiene se de pynstilling minimaal hâlden. Sûnder mis mei de bêste bedoelingen, mar dwers tsjin de ôfspraken yn. Tusken Cure en Care siet friksje yn de behanneling. En dêr wie ús heit it slachtoffer fan. De man is gjin kleier. Nea west, syn hiele lange libben net. It iennichste dêr't er om frege doe't wy letter by him kamen, wie om ferdôving. Hy hie lêst. Dêr wie ik poer om. En fertrietlik. Just yn sa'n faze giet it om de krekte soarch. Om weardigens. Dat wy soks ta it uterste foar him befjochtsje moatte, fyn ik slim. Hiel slim."