IIshockeyfanaat Gerard Bos hat bysûndere wedstriid bywenne yn Amearika

04 jun 2019 - 07:56

Gerard Bos út Ljouwert is grut supporter fan de St. Louis Blues, in iishockeyklup út Amearika dy't dizze dagen yn de finale om de Stanley Cup stiet. Syn Amerikaanske freonen hiene in crowdfundingaksje foar him opstart, sadat hy by de wedstryd fan ôfrûne moandei wêze koe. In anonime Amerikaan hie hast it folsleine bedrach fan de yn totaal 1.550 euro donearre. En dat pikten sels de Amerikaanske sjoernaals op.

Foto: Omrop Fryslân

Dy wedstriid rûn ek noch ris hiel goed ôf, want Gerard Bos syn favorite team wûn mei 4-2 fan de Boston Bruins. "Ik ha yn myn wurk kwa sportsjoernalistyk in soad sport sjoen, mar dizze sfear... Sodeknetter!", fertelt er entûsjast. "Dy minsken gean hjir kompleet út harren dak. Fan it begjin fan de wedstriid ôf is it krekt oft it de lêste fiif minuten fan de wedstriid binne. It giet om 20.000 man dy't allinnich mar lawaai meitsje."

Bos syn fassinaasje foar de klup giet fier werom. Al yn 1994 wie er fan. "By my is it ûntstien trochdat in kammeraat fan my in iishockeyspultsje hie op 'e Nintendo. Doe sei er: hokker team sille we kieze?", fertelt Bos. "Ik hie dêr gjin doel oer, dus ik keas it team mei it moaiste logo. Ik tocht: dy blauwe muzyknoat fyn ik wol moai. Dat wiene de St. Louis Blues."

Gerard Bos fertelt oer de wedstriid

Bos hie altyd al sein dat er weromkomme woe nei de Feriene Steaten as de St. Louis Blues de finale helje soene. "Yn jannewaris stiene se ûnderoan fan de tritich teams. Dus ik tocht dat it wol neat wurde soe en die wat oars mei myn sinten. Doe hellen se dochs de finale."

Dêrom begûnen syn Amerikaanske freonen in ynsammelaksje. Bos sels tocht dat de aksje net sa'n soad jild opsmite soe. Mar hy krige lykwols in anonime donaasje fan hast 1.550 euro.

Bysûndere donaasje

"En doe kaam der in frou dy't 400 dollar joech. Se fertelde dat har soan krekt ferstoarn wie en dat hy it geweldich fûn hie, as fanatike supporter fan de St. Louis Blues, dat ien út Nederlân dêrhinne komme woe ta eare fan him." Betingst wie dat Bos like hurd raze moast op 'e tribune as dy jonge dien hawwe soe. En dy belofte hat Bos dûbeld en dwers wiermakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)