Bestimmingsplan sintrum Easterwâlde ynlutsen fanwege te min draachflak
De gemeente Eaststellingwerf lûkt it bestimmingsplan foar it 'âlde doarp' yn Easterwâlde yn. Der is te min draachflak by winkellju en eigeners fan gebouwen yn it gebiet. De gemeenteried fan Eaststellingwerf is kritysk oer de oanpak fan it 'âlde doarp'. Dat binne de strjitten oan de noardkant fan de feart, dy't eartiids it winkelhert fan it doarp wiene.
No't it winkelgebiet ferskood is nei it suden fan Easterwâlde, jilde de strjitten as oanringebiet foar dat sintrum. Omdat de gemeente graach in kompakt winkelgebiet hawwe wol, fereasket dat planologyske oanpassings yn it 'âlde doarp'. En dêr is net elkenien it mei iens. Sa binne de winkellju benaud dat dêrtroch de mooglikheden mei harren gebou beheind wurde en dat kin mooglik ek liede ta weardefermindering.
Yn petear
Guon pannen soene yn it nije plan gjin winkels mear wêze meie. Wethâlder Marcel Bos wol de kommende tiid mei alle belutsenen yn petear om te kommen ta in nij plan. "Er zou door natuurlijk verloop ruimte ontstaan voor de gemeente om de detailhandelsbestemming eraf te halen. Het college heeft gezegd meer waarde te hechten aan een coöperatieve aanpak in het hele centrum, dan dat wij in het gebied van de aanloopstraten die onrust laten ontstaan", seit Bos.
"Dat betekent dat we kunnen gaan kijken hoe we in het centrum met ondernemers, vastgoedeigenaren en de gemeente kunnen werken aan een mooi, aantrekkelijk centrumgebied. Als die basis van samenwerking er ligt, ontstaat er tijd om het planologisch te regelen."