24 oeren deis by Omrop Fryslân: Maarten syn Alvestêdetocht

04 jun 2019 - 07:00

Wêr swimt Maarten van der Weijden op it stuit? Hoe drok is it oan de kant? En wa helpt Maarten om safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk? Dat is fan 21 juny ôf dei en nacht op radio, telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te folgjen. Boppedat kinne minsken yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2FM.

Foto: Maarten van der Weijden

De dagen foarôfgeand oan de reuzeswimtocht stjoert Fryslân Hjoed reportaazjes út oer de tariedingen fan Maarten, syn meiswimmers en de rûte. Dêrneist is op 20 juny om 17.35 oere in kompilaasje fan Maarten syn tocht yn 2018 te sjen op telefyzje.

Yn it radioprogramma Weistra op wei wurdt op 21 juny fan 16.00 oere ôf talibbe nei it momint dat Maarten om 17.30 oere yn it wetter springt. Fan dan ôf docht Omrop Fryslân non-stop ferslach fan de tocht, oant it momint dat Maarten, as alles goed giet, oer de finish komt yn Ljouwert.

Fryslân helpt Maarten nei de finish

Minsken kinne ûnder de swimtocht yn ruil foar in donaasje oan de Maarten van der Weijden Foundation in plaat oanfreegje op 92.2FM. Meidwaan kin troch in screenshot fan de donaasje mei de Omrop-app te op te stjoeren. Dêrneist kinne minsken in aksje melde op Omropfryslan.nl/maarten. Omrop Fryslân besiket oan in soad fan dy inisjativen omtinken te jaan.

De magy fan Maarten

Op snein 23 juny wurdt yn it radioprogramma Buro de Vries praat mei in ferskaat oan minsken dy't belutsen binne by de Alvestêdeswimtocht. In wike dêrfoar, op snein 16 juny, is de Fryslân DOK-dokumintêre 'De magy fan Maarten' fan 17.00 oere ôf te sjen op telefyzje. Yn de film wurdt ûndersocht wat Maarten syn swimtocht docht mei de provinsje en de ynwenners. Berikt dy tocht in nij hichtepunt yn de Fryske alvestêdekoarts?

Ferslachjouwer Arjen de Boer oer de swimtocht

(Advertinsje)
(Advertinsje)