Plannen foar MFA De Gordyk fan de baan

04 jun 2019 - 06:17

De gemeenteried fan Opsterlân wie moandeitejûn unanym: MFA De Gordyk is fan 'e baan. Nijbou foar skoalle De Treffer kin net wachtsje, mar de ûnwissens oer De Skâns is te grut. Dêrom jout de ried allinnich grien ljocht foar de nijbou fan de skoalle.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Alle njoggen fraksjes tsjinnen in amendemint en in moasje yn, wêryn't besletten waard dat it multyfunksjonele sintrum der net komt. Basis yn de plannen fan in MFA op de Gordyk wiene altyd basisskoalle De Treffer en kultureel sintrum De Skâns. It kolleezje woe dêroan fêsthâlde, mar de ried hâlde dat moandei tsjin.

De fraksjes wiene helder oer de needsaak fan de nijbou fan basisskoalle De Treffer. Dy nijbou koe net langer útsteld wurde, wat it hiele plan foar in MFA bot ûnder druk sette. Troch it beslút fan moandei kin de skoalle no fierder mei eigen plannen as 'stand alone-skoalle'. De ried stelde dêr in oanfoljend kredyt fan goed 2 miljoen euro foar beskikber.

FNP-riedslid Harm De Jong

Foar kultureel sintrum de Skâns jildt dat dêr dus foarearst gjin nijbou komt. Wat dat krekt foar dizze kulturele foarsjenning betsjut, moat op 'e nij besjoen wurde. De ried fan Opsterlân wol dat de mienskip fan it doarp De Gordyk sels mei kreative plannen komt hoe't it fierder moat. Soks soe stâl krije moatte yn in saneamde riedskonferinsje. "Gewoan wer op 'e nij begjinne, want we sieten op in rotonde sûnder goede ôfslach", stelde Gerrit Weening fan de ChristenUnie. Oaren brûkten wurden as 'fisieuze sirkel' en 'in escape-room' sûnder útgong.

Neffens wethâlder Anko Postma, past it kolleezje nederichheid yn dizze kwestje. "De ried beslist en ek dizze koers is realistysk en helber.

Wethâlder Anko Postma

(advertinsje)
(advertinsje)