Studinten bliid mei streek troch rinteferheging stúdzjeliening: "Gaan we op proosten"

03 jun 2019 - 22:05

De plannen om de rinte op de stúdzjeliening te ferheegjen, binne fan tafel. Dat hat minister Van Engelshoven moandei bekend makke. Foar Wannes Lely fan studinteferiening Osiris yn Ljouwert is dat goed nijs: "Daar gaan we vanavond nog wel op proosten denk ik, want het scheelt behoorlijk wat geld."

Foto: ANP

De Earste Keamer soe moandei stimme oer de rinteferheging. Mar foar't it ta stimming kaam, luts minister Van Engelshoven de wet yn. Der soe te min stipe wêze yn de Keamer. "We waren aangenaam verrast. We hadden eigenlijk ook niet echt verwacht dat het zo snel van de baan zou zijn", seit Lely. "Ze zouden er nog over stemmen. Er waren ook allemaal petities opgezet. Die zijn veel gedeeld, ook door onze studenten. Bijna in elke groepsapp kwam je die tegen. Dat heeft uiteindelijk geholpen denk ik."

Thúswenner is goedkeaper út

In studint soe neffens de berekkeningen troch de rinteferheging yn trochsneed likernôch 5.000 euro mear werombetelje moatte. "Het is gemiddeld, dus je krijgt grote verschillen", wit Lely. "Wij hebben bijvoorbeeld ook heel veel studenten die nog thuis in Friesland wonen, maar we hebben ook heel veel mensen die van verder komen. Die moeten wel uit huis en die geven dus veel meer uit. Terwijl mensen die nog thuis wonen, weer minder uitgeven."

Lienstelsel ôfskaffe

Lely is bliid dat de rinteferheging no fan de baan is, mar hy soe it leafst sjen dat it hiele lienstelsel ôfskaft wurdt. "Heel veel studenten heb ik hierover gesproken en die voelen het alsof ze eigenlijk al 1-0 achter staan", sa seit de studint. Ek soene minder studinten trochstudearje. "Veel studenten in de eindfase van hun studie bekijken nu of ze er nog wel een studie achteraan doen. Dus ga je bijvoorbeeld als je op het MBO studeert, nog een HBO-studie doen. Het is natuurlijk wel een risico dat je dan neemt."

Wannes Lely fan Osiris oer it net trochgean fan de rinteferheging

(Advertinsje)
(Advertinsje)