Hoe rûkt Fryslân? Claudy Jongstra presintearret nij rûkersguod

03 jun 2019 - 21:50

Keunstneres Claudy Jongstra hat moandei in nij parfum lansearre. De presentaasje fan Farm Flower Fragrance wie yn de Keale Dunen fan Bakkefean.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Jongstra kaam twa jier ferlyn op it idee om it lânskip mear impact te jaan en plantegroei te stimulearjen 'dy't a-typysk is', sa't se it sels seit. Dat docht se no al foar de kleuren dy't se brûkt yn bygelyks har filtkeunst. Mar se koe net alle planten ferwurkje dêr't se de beskikking oer hie. Doe kaam se op it idee in produkt te ûntwikkeljen dêr't in soad planten yn ferwurke wurde moatte. "En dan kom je al snel uit op parfum."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In parfum is altyd opboud út meardere lagen, fertelt Jongstra. Wat sy ûnwikkele hat, is in balsum. De basisyngrediïnten binne bijewaaks en sinneblomoalje. De ferdjipping komt fan essinsje-oaljes út planten en krûden. De planten dy't se brûkt, binne hiem yn Noard-Nederlân en se komme fan pleatslike oanbou en grûnstoffen.

Jongstra wol it nije parfum yn Fryslân produsearje litte. Op dizze wize wol se bydage oan in 'mak-yndustry', sadat plattelânsgebieten in nije wearde krije. It wurdt gjin grut fabyk, mar in lytstskalige distillearderij, dêr't minsken wurkje dy't oars net gau oan it wurk komme.

Ferslachjouwer René Koster praat mei Claudy Jongstra

(advertinsje)
(advertinsje)