Fiif Friezen selektearre foar WK inline-skaten yn Barcelona

Op it WK inline-skaten yn Barcelona binne kommende moanne seis Friezen te bewûnderjen. Bûnscoach Frank Fiers hat Ruurd Dijkstra, Moniek Klijnstra, Maya de Jong, Berber Vonk en Manon Kamminga oproppen foar it belangrykste skeelertoernoai fan de wrâld. Dat hat de KNSB moandeitejûn bekend makke.
Maya de Jong © Neeke Smit / Timsimaging.nl
It WK set op 7 july útein mei de ûnderdielen 200 meter tiidrit en ôffalkoers (10 kilometer) en einiget op 14 july mei it ûnderdiel maraton. Fierders stean ek de 100 meter, 500 meter, 1000 meter, punteôffalkoers, puntekoers, ôffalkoers (15 kilometer), relay en one lap op it programma.
Neist de seis Friezen binne ek Luc ter Haar, Ronald Mulder, Michel Mulder, Rémon Kwant, Rick Schipper, Casper de Gier, Gary Hekman en Ingmar Berga by de manlju en Bianca Roosenboom by de froulju selektearre.
Bûnscoach Fiers makket letter noch bekend wa't op hokker ûnderdiel starte sil. Wol is al wis dat Kamminga oan de start stiet fan de maraton.