Johnny Jansen wurdt takom seizoen haadtrainer fan SC Hearrenfean

03 jun 2019 - 20:22

SC Hearrenfean hat Johnny Jansen oansteld as nije haadtrainer. De trainer út Noardwâlde tekenet in kontrakt foar ien seizoen yn it Abe Lenstrastadion mei de yntinsje foar in langere gearwurking.

Foto: www.orange-pictures.nl

De 44-jierrige trainer is al sûnt 2000 yn ferskate trainersfunksjes ferbûn oan de Fryske earedifyzjeklup. Earst as jeugdtrainer en letter as haad jeugdoplieding. Sûnt 2014 wie er assistint-trainer fan it earste alvetal ûnder respektyflik Dwight Lodeweges, Foppe de Haan, Jurgen Streppel en Jan Olde Riekerink.

Jansen siet de lêste fiif wedstriden fan it ôfrûne seizoen al as einferantwurdlike op de bank, nei it op non-aktyf stellen fan haadtrainer Jan Olde Riekerink.

"Geweldig dat ik hier de kans krijg", seit Jansen op de webside fan SC Hearrenfean. "Ik ben echt harstikke blij dat het rond is. Een contract voor een jaar is prima. Het is aan mij om mijn werk hier goed te doen, zodat we samen verder kunnen bouwen", seit er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)