Instagrammoeting Alde Feanen om foto's en mear nammebekendheid te krijen

Yn nasjonaal park De Alde Feanen is meikoarten in bysûnder moeting. In grutte groep fotografen komt dêr oer in lyts twa wiken by-inoar foar in saneamde Instameet. Elkenien mei in Instagram-account en passy foar natuer kin meidwaan. Der binne al fyftich oanmeldingen, mar der kinne noch dielnimmers by.
Alde Feanen © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De moeting is op snein 16 juny. De dielnimmers kinne dan foto's meitsje dy't se op Instagram pleatse. Bysûnder oan dizze Instameet is dat der net allinnich kuiere wurdt, mar dat de dielnimmers ek mei de boat it natuergebiet yn kinne. Se kinne kieze út in pream, in skûtsje of in sloep. De boaten farre elk in oare rûte, sadat de dielnimmer in sa grut mooglik ferskaat oan foto's meitsje kinne. Yn it foar krije de dielnimmers tips oer natuerfotografy fan profesjonele natuerfotografen.
© Wikimedia Commons
Minsken dy't meidogge, moatte de foto's pleatse op Instagram ûnder de hashtags #aldefeanen #instameet_aldefeanen #mynfryskegea #super_holland. "Doel is dat safolle mooglik minsken de foto's sjogge", fertelt Elizabeth Pilat fan de organisaasje. "Wy wolle in digitale ûntploffing fan foto's fan dit prachtige en fotosjenike natuergebiet. Dat it him as in oaljeplak útwreidet en dat it gebiet op dizze wize bekender wurdt by it publyk."
De dielnimmers gean it gebiet yn ûnder lieding fan in gids fan It Fryske Gea. "Wy tinke goed om de natuer. Dêr't it kwetsber is, moatte de dielnimmers net komme."