Van Wermeskerken fuort by SC Cambuur

03 jun 2019 - 17:27

Sai van Wermeskerken hat syn lêste wedstriid foar SC Cambuur spile. De ferdigener hie in opsje yn syn kontrakt stean, dêr't er it iensidich mei opsizze koe. Dat hat Van Wermeskerken dien en dus komt er net werom by de Ljouwerters.

Foto: Orange Pictures

De Japanske Nederlanner hat twa seizoenen foar Cambuur spile. Neffens syn saakwaarnimmer is der belangstelling út binnen- en bûtenlân wei foar de rjochtsback. Der soe ek ynteresse wêze fan de twadde Bundesliga yn Dútslân en út Italië wei.

Booy ferwachtet mear oanwinsten Cambuur

Der geane net allinne spilers fuort by de Ljouwerters. De klup is sels ek dwaande om spilers te heljen. Earder foelen nammen fan middenfjilder Mohamed El Makrini en oanfaller Finn Stokkers. Foar dy lêste hat Cambuur serieuze belangstelling, mar neffens technysk manager Foeke Booy binne der mear kapers op de kust.

Booy hat ek kontakt hân mei de saakwaarnimmer fan Etiënne Reijnen, de ferdigener dy't tusken 2014 en 2015 yn Ljouwert ûnder kontrakt stie. Op it stuit fuotballet de 32-jierrige Reijen yn Israël by Maccabi Haifa.

Furdjel Narsingh is ek in namme dy't yn it geroftesirkwy neamd wurdt foar Cambuur, mar Booy seit dat hy 'momenteel niet in beeld' is.

(advertinsje)
(advertinsje)