Dirk-Yde Sjaarda oer Kening op Sokken: "Minsken binne dolentûsjast"

As jonge fan 13 jier spile Dirk-Yde Sjaarda alris de haadrol fan Jelle yn de keatsmusical Kening op Sokken. No, 22 jier letter, stiet Sjaarda wer op de planken. Op 'e nij yn de rol fan Jelle foar in nije ferzy fan Kening op Sokken.
© Omrop Fryslân
Dirk-Yde Sjaarda krige 22 jier lyn loovjende resinsjes. "Dat wie alwer aardich fuortsakke, dat ha ik neilêzen yn myn plakboek." Hy hat neitiid net mear op it poadium stien. "It stik fan doe wie skreaun troch Rients Gratama by it 100-jierrich bestean fan de KNKB. It stik is no foar 90 prosint gelyk, der binne wat sênes en lietsjes derút en wat Eastereiner anekdoates yn ferwurke."
Hy fynt it hiel bysûnder om wer mei te dwaan. "In soad goede oantinkens komme wer boppe. Twa susters fan my sitte yn de organisaasje. Trije jier lyn wienen se by de Biltske ferzje en doe betochten se om it ek yn Easterein te dwaan. Neffens my wienen se op de weromreis de rollen al oan it ferdielen. Nee sizze wie gjin opsje."
It repetysjeproses de ôfrûne fiif, seis moannen fûn er fantastyk. "En it is moai as it publyk dat wurdearret. "Minsken binne dolentûsjast, dêr wurd ik hiel bliid fan en it hat myn ferwachtingen oertroffen. Se sizze tsjin my dat se net wisten dat ik sjonge koe. Ik bin fansels in keatser, dus dat is leuk om te hearren."
De lêste foarstelling is moandeitejûn, alles is útferkocht. Smakket it ek nei mear? "It is te leuk om neat mei te dwaan. It sjongen fyn ik suver noch wol it moaiste om te dwaan en ik ha neat yn de planning te stean."
Dirk-Yde Sjaarda