Minder minsken yn de bystân yn Súdwest-Fryslân

03 jun 2019 - 16:55

It tal minsken yn Súdwest-Fryslân dat rûnkomme moat fan in bystânsútkearing is de ôfrûne 15 moannen rapper weromrûn as ferwachte. Ein maart fan dit jier hie de gemeente 2.407 minsken yn de bystân. Dat wiene der 359 minder as op 1 jannewaris ferline jier.

Foto: Pexels.com

De gemeente ha as doel om it tal minsken yn de bystân oant en mei maart 2022 mei 300 te ferminderjen. Dat doel is no dus al helle. Súdwest-Fryslân stribbet dernei om dizze trend troch te setten.

Dat der minder minsken oanwiisd binne op de bystân komt foar in part troch de groei fan de ekonomy. Mar de gearwurking tusken de gemeente en ûndernimmers hat der ek ta bydroegen dat mear minsken út de bystân rekke binne. Neffens wethâlder Stella van Gent hellet it reyntegraasjebedriuw Pastiel ek goede resultaten op dat mêd.

Net allinne it oantal minsken yn de bystân is it ôfrûne jier weromrûn. Ek it tal wurkleazen yn de regio Súdwest-Fryslân naam ôf. Siet begjin ferline jier noch 6,2 persint fan de beropsbefolking yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren sûnder wurk, ein desimber wie dat 3,8 persint. Der kamen yn de gemeente Súdwest-Fryslân tûzen banen by.

(advertinsje)
(advertinsje)