Bylden Walk of Fean moatte 'hufterproof' wurde

Alle tsien bylden fan 'Walk of Fean' wurde foarearst fuorthelle. Sa wurdt foarkommen dat de acht bylden dy't noch goed binne, ek fernield wurde. De organisaasje nimt de maatregel nei't twa bylden al fóar de iepening fan de rûte troch fandalen fernield waarden. 'n Gouden Plak hat offisjeel oanjefte dien fan fernieling.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De Walk of Fean is in inisjatyf fan promoasjestichting 'n Gouden Plak. It is in rûte by tsien boarstbylden fan sporthelden del. Njonken Ireen Wüst en Sjoerd Feenstra steane der ûnder oare bylden fan Foppe de Haan, Riemer van der Velde en Epke Zonderland.
By elk byld kinne jo mei in app de sport ta libben bringe. De sporthelden sprutsen sels in ferhaaltsje yn oer har prestaasjes en ûnderfinings yn de sport. De bylden stean by bankjes fan duorsume materialen.
It is noch net bekend wannear't de bylden wer weromkomme. Earst wurdt mei de produsint fan de bylden socht nei in oplossing dy't foarkomme moat dat de bylden maklik skansearre wurde kinne.
It giet om bylden dy't mei in 3D-printtechnyk makke binne. Se binne hol fan binnen. By in oplossing kin bygelyks tocht wurde oan it opfoljen fan de bylden mei beton. In oare oplossing soe wêze kinne dat der pleksyglês om de bylden hinne set wurdt.
De Walk of Fean falt ûnder 'n Gouden Plak, de promoasjestichting fan It Hearrenfean.